Kayla Mueller

Kayla Mueller
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kayla Jean Mueller
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 14 augustus 1988
berteplak Prescott (Arizona)
stoarn ±6 febrewaris 2015
stjerplak Rakka? (Syrje)
etnisiteit Dútsk
wurkpaad
berop/amt meiwurker helporganisaasje
jierren aktyf 20112015
reden
  bekendheid
ûntfierd en fermoarde troch IS

Kayla Mueller (folút: Kayla Jean Mueller; Prescott (Arizona), 14 augustus 1988Rakka? (Syrje), ±6 febrewaris 2015) wie in Amerikaansk ûntwikkelingswurkster en meiwurkster fan in humanitêre helporganisaasje, dy't yn augustus 2013 yn Aleppo ûntfierd waard troch terroristen fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS). Se waard dêrnei oardel jier finzen holden en ûnderwurpen oan ferkrêfting en marteling, û.m. troch de selsútroppen "kalyf" fan IS, Abû Bakr al-Bagdadi, persoanlik. Se waard begjin febrewaris 2015 troch har ûntfierders ombrocht.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy